Alves dochs nei Middlesbrough

01 feb 2008 - 00:10
  • Afonso Alves giet nei de Ingelske Premier League
  • Yme Kuiper: Betanke foar it earste seizoen, mar net foar it twadde (foto Martin de Jong)

SC Hearrenfean en Middlesbrough binne it tongersdeitejûn om 20 foar tolven iens wurden oer de transfer fan Afonso Alves. De Brazyljaan hat by Middlesbrough in kontrakt foar 4,5 jier tekene.

Hoefolle Hearrenfean krekt foar Alves krijt wol de direksje fan de klub noch net bekend meitsje, mar it is wol dúdlik dat alle clubrekords mei de transfer brutsen binne. It giet om in bedrach fan likernôch 18 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)