Alves: Dit is in grutte klub

15 jun 2006 - 17:18

"Hearrenfean is in grutte club yn in moaie kompetysje." Afonso Alves, de nije Braziliaan fan Hearrenfean, sjocht de oergong fan Malmö FF nei it Abe Lenstrastadion as 'in moaie stap foarút'. Alves (25) sei dit woansdei nei it tekenjen fan syn fiif-jierrich kontrakt by sportclub Hearrenfean.

Alves is in tige oanfallend ynstelde middenfjilder, dy't by Malmö geregeld skoarde. Hearrenfean hat seis moanne ûnderhannele oer de komst fan Alves.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)