Alves brekt klubrekord

22 jan 2007 - 11:54
  • Alves: goaltsjesdief mei in grutte G

Afonso Alves hat yn de wedstriid tsjin PSV alwer syn 19de doelpunt fan it seizoen makke. Dat is in ferbettering fan it âlde klubrekord dat op namme stie fan Jon Dahl Tomasson en Anthony Lurling. Tomasson (1996-1997) en Lurling (1999-2000) skoarden 18 kear yn ien seizoen.

Alves hat mar 21 wedstriden nedich hân om it âlde rekord te ferbetterjen. De Brasiliaanske topskoarer hat al oankundige dat der mear goals folgje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)