Alves 4 wedstriden oan 'e kant

12 nov 2007 - 14:24
  • Alves ferlit it fjild nei de reade kaart yn de wedstriid tsjin Vitesse
  • Skiedsrjochter Blom toant Afonso Alves de reade kaart

Sc Hearrenfean sil it de kommende tiid dwaan moatte sûnder Afonso Alves. De tuchtkommisje fan 'e KNVB hat Alves moandei in skikkingsfoarstel dien fan in skorsing fan fiif duels, wêrfan ien op betingst. Alves krige snein in reade kaart omdat er mei syn earmtakke slein hat nei Remco van der Schaaf.

Alves en Hearrenfean ha besletten om it skikkingsfoarstel te akseptearjen. Van der Schaaf soe Alves ek ferskate kearen skopt hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)