Alvemarretocht giet net troch

10 feb 2012 - 11:11

De Alvemarretocht wurdt net útskreaun. Dat hat it bestjoer freed yn Snits besletten. IIsmaster Piet Adema hie earst it iis op kritike plakken noch metten. It iis wie net dik genôch om sa'n 12.000 riders te hâlden. De Kolk yn Snits en ek by de brêge fan Wâldsein wiene knipepunten op de rûte. It fuortheljen fan alle snie op it iis by de Kolk yn Snits hie soarge foar sterker iis en it mooglik trochgean fan de Alvemarretocht.

Ferline wike waard snie fuortfage om in rûte foar reedriders te meitsjen. De snie bleau oan de wâlskanten lizzen en dat hat soarge foar in minder hurde iisgroei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)