Alvemarrebarren: hurde wyn

19 jun 2010 - 15:24

In tal dielnimmers oan it Alvemarre-evenemint yn it Súdwesten fan Fryslân hat sneon slim te lijen fan it waar.

De silerij is fanwege de hurde wyn ôfsein. De hurdrinners, de kuierders, de fytsers en de dielnimmers oan de skeelertocht binne wol gewoan fan start gien, mar de oantallen dielnimmers lizze wol folle leger as troch de organisaasje hope wie. Snein is de tredde en lêste dei fan it alvemarre-evenemint. Dan wurdt wol wat better waar ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)