Alve ûntslaggen by Xantic Boerum

24 des 2003 - 00:00

By telekommunikaasjekonsern Xantic yn Boerum krije alve minsken dien. It giet om monteurs, technyske minsken en in sekretaresse. By it satellytstasjon wurkje 60 persoanen. Reden foar de ûntslaggen soe de mindere ekonomy wêze.

De skûtels yn Boerum regelje gsm- en multymediaferkear fia de satellyt. Xantic is ûnderdiel fan telekomkonsern KPN. Oer de hiele wrâld wurkje 680 minsken by Xantic. Mei-elkoar ferdwine der 247 banen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)