Alve stêden model foar takomst

29 sep 2010 - 15:33
  • Professor Ito en syn studinten

De Fryske alve stêden kinne model stean foar de stêd fan de takomst. Dat fynt de Japanske professor Ito fan de universiteit fan Tokyo. Hy docht ûndersyk nei de histoaryske ûntwikkeling fan stêden yn de wrâld. Hy sjocht ek nei stêdebou en arsjitektuer yn Italië en Kuba.

Professor Ito tinkt dat lytse stêden dy't yn in netwurk gearwurkje lykas de Fryske alve stêden de bêste kânsen ha om te oerlibjen. Ito docht Hylpen, Drylts en Sleat oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)