Alve persint Fryske mantelsoargers fynt soarchtaken te swier

03 nov 2015 - 21:10

Swier en moai. Dat is de namme fan in ûndersyk nei mantelsoarch yn Fryslân yn opdracht fan de gemeenten. Der binne yn Fryslân mei-inoar sa'n 60.000 mantelsoargers. Fan harren jout alve persint oan dat se oerbeleste binne troch alle soarchtaken. De Fryske gemeenten hawwe it ûndersyk útfiere litten troch it Frysk Sosjaal Planburo om der achter te kommen wa't de mantelsoargers binne en hoe't je dy helpe kinne. Der is in grut ferskaat oan mantelsoargers, fan bern dy't meihelpe moatte oant âlderen mei in sike partner.

Benammen mantelsoargers mei in drokke baan binne kwetsber. Sy rinne neffens ûndersiker Truus de Witte fan it Frysk Sosjaal Planburo op termyn it risiko fan iensumens en oerbelêsting. It rapport 'Mantelzorg zwaar en mooi' is beskikber op de website fan it Frysk sosjaal planburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)