Alve oanhâldings op Weaze

17 apr 2010 - 10:56
  • De Weaze yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)

Yn en by de rosse buert De Weaze yn Ljouwert binne de ôfrûne wike alve manlju oanhâlden op fertinking fan hannel yn harddrugs. De plysje hat fierders in auto fan ien fan 'e fertochten yn beslach naam.

Bewenners en ûndernimmers kleie al langer oer oerlêst troch drugshannel yn 'e buert. De gemeente set no sterk yn op 'e oanpak fan dealers. By de oanhâldings fan dizze wike waarden 81 boltsjes harddrugs yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)