Alve oanhâldings himpkwekerij

13 aug 2013 - 16:05
  • Himp

De plysje hat tiisdeitemoarn yn Langedike alve minsken oppakt. Se wiene dwaande mei it knippen fan himptoppen yn in hûs oan de Klokhúsdyk. De alve binne tusken de 16 en 47 jier âld en komme út Langedike, Ljouwert, Easterwâlde, Sint-Jânsgea en De Jouwer. Se binne fêstset foar fierder ûndersyk.

De plysje hat yn it hûs goed 25 kilo oan himptoppen yn beslach naam. Fierders waarden in bestelbus, in auto, trije motors en in quad meinaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)