Alve drachtige skiep dea yn greide by Jutryp

03 feb 2015 - 18:41
  • (fotofoarbyld)

Yn in greide by Jutryp binne moandeitjûn alve skiep deabiten of fersûpt. Nei alle gedachten komt dit troch in losrinnende hûn dy't de bisten opjage en biten hat. De eignaresse fûn de deade en ferwûne bisten tiisdeitemoarn. De skiep rinne yn in stik greide dat se hiert fan in boer. Dit leit achter de hûneskoalle yn Jutryp.

Neffens de eigner fan de hûneskoalle hat der moandeitejûn in skoft lang in auto by it stik greide stien. Ek wie der in hege fluittoan te hearren, dy't mooglik brûkt wurdt foar it weromroppen fan in jachthûn.

Ek oare tsjûgen ha de auto, dy't mei de ljochten oan- en út oer de dyk ried sjoen. De plysje siket de eigener fan dizze auto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)