Alve bromfytsers bekeurd

01 nov 2013 - 11:53
  • Plysje-embleem

De plysje hat tongersdeitemiddei yn de Ljouwerter binnenstêd alve bromfytsers bekeurd. By in kontrôle die bliken dat seis brommers opfierd wienen. De eigeners krigen in boete.

Fan trije fan de seis waard boppedat it kentekenbewiis ynnaam, om't de brommers mei mear as 30 kilometer opfierd wienen. Twa brommers hienen gjin spegels. Ien bestjoerder krige in bon foar it net ophawwen fan de helm, in oaren foar in net wurkjende rem en wer in oarenien foar riden sûnder rydbewiis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)