Aluminium rêdingsboat Amelân

03 jun 2004 - 00:00

De nije rêdingsboat Anna Margaretha fan it KNRM-stasjon Amelân-Ballumerbocht wurdt folslein yn aluminium útfierd. Dat leveret de KNRM in besparring op om't gjin ferve brûkt wurdt. Dat skeelt opleveringskosten, mar ek ûnderhâld.

De nije boat fan It Amelân is de earste grutte rêdingsboat dy't yn aluminium ôflevere wurdt. Yn Seelân fart al in lytser eksimplaar. De KNRM besjocht de kommende tiid oft er yn de takomst allinnich noch mar sokke boaten ha wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)