Aluminium platen waaie fan gebouwen Achmea-kompleks Ljouwert

18 nov 2015 - 09:47

Troch de stoarm fan ôfrûne nacht binne woansdeitemoarn acht aluminium platen fan twa gebouwen fan it Achmea-kompleks yn Ljouwert waaid en op de Willemskade fallen. It giet neffens it bedriuw net om stiennen platen fan de Achmeatoer, mar om platen fan twa legere gebouwen. Achmea sil ûndersykje hoe't it komt dat de platen fan it gebou waaiden.

De Willemskade waard fanwege herstelwurk tusken 7.00 en 7.30 oere ôfsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)