Altyd feest yn Holland House

01 aug 2012 - 17:24

De Olympyske Spelen is mear as allinnich sport. It is ek in feest en ien fan de plakken dêr't dat bart, is it Holland Heineken House. Alle jûnen is der in soad fertier en wurde de Nederlânske medaljewinners dêr huldige. Leafst 4000 minsken sollisitearren nei de funksje fan barman of -frou yn it Holland Heineken House. Dêrfan bleaune der goed 200 oer, wêrûnder Arnoud Koster fan Toppenhuzen en Esther Seffinga, earder fan De Jouwer, mar no ynwenner fan Amsterdam. Op dat plak komme oerdei hûnderten en jûns tûzenen minsken byelkoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)