Althuisius Grou yn swierwaar

20 feb 2004 - 00:00

It bedriuw Althuisius Warehousing BV út Grou hat útstel fan beteljen oanfrege. It bedriuw, ûnderdiel fan de Kooiker Group, sit yn finansjeel swierwaar.

Althuisius is in transportbedriuw en fersoarget de opslach fan guod foar oare bedriuwen. By it bedriuw wurkje 12 minsken. De problemen binne ûntstien omdat in grutte opdrachtjouwer fuortfallen is. Boppedat draait it bedriuw troch de ekonomyske delgong mei 5000 euro ferlies yn 'e wike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)