Altheer op proef by SC Cambuur

21 jul 2009 - 08:50

Ferdigener Jeffrey_Altheer rint de kommende wike op proef mei by Sportklup_Cambuur. De Ljouwerters hawwe in trainingskamp yn Den Helder. Trainer Stanley Menzo is noch op syk nei in mandekker yn de ferdigening.

Altheer komt út de jeugdoplieding fan Feyenoord en spile de ôfrûne twa jier foar Excelsior. Cambuur spilet yn Den Helder tsjin it Heldersk alvetal en tsjin Willem II. Nei dy wedstriden sil de lieding fan Cambuur in beslút nimme oft se fierder geane mei Altheer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)