Alterra wol otter fange

11 jul 2006 - 09:34

Undersyksynstitút Alterra besiket moandeitemiddei de Russyske otter te fangen, dy't snein in jonkje oanfallen en biten hat. It bist is in pear wiken lyn útset yn natuergebiet De Rottige Meenthe.

Neffens in biolooch fan Alterra hie it jonkje slimme ferwûnings oprinne kinnen. De otter hat in stjoerderke en kin maklik trasearre wurde. It fangen is neffens de biolooch in stik dreger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)