Alternatyf plan:"Ljipaaien sykje en útbriede yn briedmasine"

31 jan 2016 - 14:29
  • Ljipaai komt út

Der moat gewoan om ljipaaien socht wurde. Alle aaien dy't fûn wurde moatte dan útbret wurde yn in spesjale briedmasine. Mei dat idee tinke Sape Miedema en syn soan Wierd fan Easterlwierrum de ljip rêde te kinnen. Se hawwe hjirfoar in plan opsteld. Yn dat plan wurdt ek sprutsen fan apart ynrjochte fjilden spesjaal foar de ljip. Ek soene der sammelplakken komme moatte, dêr't aaisikers de aaien hinnen bringe kinne.

Sape en Wierd Miedema kamen op it idee trochdat se de briedmasine ek al brûke foar harren lishinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)