Alternatyf foar Sintrale As

19 feb 2010 - 10:42
  • It alternatyf soe foar in part oer de Lauwersseewei rinne moatte

In groep boargers hat in alternatyf trasee betocht foar de Sintrale As.

Fia in boargerinisjatyf wurdt it alternatyf op de aginda pleatst fan provinsjale steaten. De rûte rint fan de nije westlike rûnwei fan Dokkum oer de Lauwersseewei. Dy wurdt yn it plan ferdûbele. Fan Aldtsjerk ôf moat der in nije dyk oanlein wurde dy't de Murk folget en oan de noardkant fan Ljouwert by Cammingabuorren troch it Griene Stjergebiet giet. Fan dêr moat de dyk oanslute op de Wâldwei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)