Alternative 11stêdetocht ûnwis

28 jan 2014 - 19:15
  • Maratonriders op de Weissensee yn 2010

De toertocht fan de Alternative Alvestêdetocht op de Weissensee is ferskood fan freed nei tongersdei. Dat hat de organisaasje tiisdei bekend makke. Der wurdt tongersdei yn de rin fan de dei snie ferwachte en op freed is der kâns op rein.

Sneon stiet de Alternative Alvestêdetocht sels op it programma. Tongersdei wurdt yn oerlis mei de KNSB besjoen oft dy trochgean kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)