Almere besoarge oer oerlis

25 maaie 2013 - 14:12
  • Doekle Terpstra

Wethâlder René Peeters fan Almere is fernuvere oer de aktiviteiten by de KNSB sneon yn Utert. Dêr wurdt foarôfgeand oan de bestjoersgearkomste in petysje oanbean mei tsientûzen hantekens foar it behâld fan Thialf as topsportlokaasje. Neffens Peeters is dat yn striid mei de ôfsprutsen spulrigels. Peeters meldt dat op Twitter.

Neffens wethâlder Henk Mulder ropt in berjocht fan KNSB-foarsitter Doekle Terpstra op Twitter it fermoeden op dat de beslútfoarming net fair giet. Terpstra neamde de útkomst fan it oerlis nammentlik spannend en ûnwis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)