Almar Bok wint foarlêswedstriid

09 apr 2004 - 00:00

Almar Bok fan de Simon Havingaskoalle út Snits hat de provinsjale finale fan de nasjonale foarlêswedstriid wûn. Hy mei no meidwaan oan de lanlike finale ein maaie yn Utrecht. Almar wie tongersdei de bêste fan alve gadingmakkers.

Twadde waard Caroline van Toor fan basisskoalle De Spreng út Drachten. It tredde plak wie foar Thomas Hoen fan de kristlike basisskoalle De Anjewier út Tsjalbert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)