Almar Bok lanlik foarlêskampioen

27 maaie 2004 - 00:00

Almar Bok (11) út Snits is Nasjonaal Foarlêskampioen wurden. Hy wûn woansdei de finale fan de lanlike wedstriid yn Utrecht. Hy lies foar út it boek 'Hou je taai' fan Lieneke Dijkzeul.

De sjuery keas Almar fanwegen syn hiele presintaasje. Hy pakt de seal, makket de minsken bliid en jout enerzjy, sa sei de sjuery. Mear as 67.000 bern út de groepen 7 en 8 fan 2600 skoallen dienen mei oan de wedstriid. Almar sit op de Simon Havingaskoalle yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)