'Allochtoanen moatte yn ried'

28 jan 2006 - 12:34

Allochtoanen yn Fryslân witte de stimbus noch net genôch te finen, dêr moat feroaring yn komme. Dat sizze allochtoane riedsleden. Freed kaam in groep fan tolve noardlike riedsleden by-ien yn De Pein om te praten oer in strategy om krekt dy grutte groep potintsjele kiezers te ynteressearjen foar de polityk.

Der moat mear omtinken komme foar tema's lykas yntegraasje en kultuer om allochtoane riedsleden te winnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)