Allinnich sied mei sertifikaat

02 maaie 2013 - 14:16

De nije Europeeske regeljouwing foar sied is te omslachtich. De Europeeske Kommisje wol dat alle sied yn Europa in sertifikaat krijt. Foar de lânbou jildt dy regel al, mar de partikuliere merk sil him dêr no ek oan hâlde moatte.

Neffens de siedhannel sil dit in soad jild kostje en is it boppedat net te kontrolearjen. De regeljouwing is neffens de hannel ek net goed foar de diversiteit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)