Allinnich ME'ers by fuotbaljen

15 okt 2010 - 17:02
  • De plannen wurde bekend makke

De plysje-ynset by fuotbalwedstriden sil tenei folslein bestean út ME'ers. Sa wol de plysje earder yngripe kinne by fuotbalrellen. De ME'ers dy't ynset wurde, binne saneamde Flex-ME'ers. Dy kinne earst surveillearje as gewoane plysjeminsken, mar as it út de hân rint, hoege se har mar om te klaaien om as ME'er oan de slach te gean.

De plysje skafte twa mobile kamera's oan. Dy sitte boppe-op de buskes fan de Flex-ME. It makket it makliker om relskoppers efterôf op te pakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)