Alles oer ferkiezings by Omrop

13 nov 2013 - 14:30

Omrop Fryslân docht woansdei wiidweidich ferslach fan de tuskentiidske gemeenteriedsferkiezings. Ferslachjouwers folgje de ûntwikkelings en dogge ferslach op radio, televyzje en ynternet. Jûns is op de radio fan 19:00 oere ôf in live-útstjoering mei gasten dy't prate oer nut en needsaak fan de weryndieling en mei reaksjes op de útslaggen.

Ek is de Omrop by de trije grutte ferkiezingsjûnen yn de gemeenten Ljouwert, Hearrenfean en De Fryske Marren.  
Nei 21:00 oere is it te folgjen op www.omroplive.nl en fan 23:15 oere ôf op televyzje.

De radio-, televyzje- en ynternetútstjoerings duorje oant likernôch 01:00 oere nachts.

Tongersdeitemoarn 14 novimber binne yn it radioprogramma Omrop Fryslân Aktueel tusken 06:00 en 09:00 oere in protte reaksjes op de útslaggen te hearren. Moarns om 08:00 oere is op de televyzje in ekstra Hjoed mei dêryn ek reaksjes en útslaggen. Jûns is op televyzje in ekstra lange útstjoering fan Bynt; mei oan tafel politisy fan de winnende en ferliezende partijen. Sy sjogge werom op de ferkiezings, mar ek foarút nei de konsekwinsjes fan de útslaggen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)