Alles faalde by ûngelok Frisia

01 mrt 2012 - 15:21

De eigener fan skulpesûger Frisia, dy't yn desimber 2010 fergie foar de kust fan Skylge, hie folle mear dwaan moatten oan de feiligens fan it skip. Dat konkludearret de Onderzoeksraad voor Veiligheid. Neffens de rie wie de Frisia net seeweardich en luts de eigener him te min oan fan de wet- en regeljouwing. Omdat de skipper dit akseptearre hat dy gjin goed seemanskip toand, sa fynt de rie.

It ministearje fan ynfrastruktuer en de ynspeksje ferkear en wettersteat hawwe it skip ek te min yn de gaten hâlden.

Omdat it skip net goed ôfsletten wie makke it desimber 2010 wetter en sonk it, de trije bemanningsleden kamen dêrby om it libben. De eigener moat fan de ûndersyksried binnen trije moannen oantoane dat syn oare skippen wol oan alle regels foldogge. Ek moat hy mear omtinken foar de feiligens hawwe. It ministearje moat de reder dêrop kontrolearje, sa hat de rie opdroegen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)