Allerlêste Milenniumfestival yn Drylts

09 feb 2015 - 20:48
  • Milenniumfestival Drylts

It Milenniumfestival yn Drylts sil dit jier foar it lêst hâlden wurde. Op 5 septimber wurdt it festival foar de alfde kear organisearre. It wie fan begjin ôf oan al it doel dat it festival yn 2015 foar it lêst wêze soe. Doel fan it festival wie altyd om de milenniumdoelen bekender te meitsjen by it publyk en jild op te heljen foar it goede doel.

Milenniumdoelen binne bygelyks it ferminderjen fan hûnger en it bestriden fan earmoed yn de wrâld. De belutsen organisaasjes fan it festival besykje no om op in oare wize omtinken te jaan oan de milenniumdoelen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)