Allergyfestijn op skoalle

22 apr 2013 - 12:01
  • Iten siede mei anty-allergy-ingrediïnten

Learlingen fan basisskoalle Leeuwarder Schoolvereniging hawwe moandei yn Ljouwert meidien oan in allergyfestijn. Dat wie organisearre troch it Nordwin College mei it Friesland College en hegeskoalle Van Hall Larenstein.

Hieltyd mear bern hawwe lêst fan allergy. Se kinne dêrtroch net alles ite. Yn restaurant Amuse fan it Friesland College koene de bern iten priuwe dat net foar problemen soarget. Doel is om bern en learling-koks foar te ljochtsjen oer it probleem. Op de hegeskoalle Van Hall wolle se produkten ûntwikkelje foar allergy-iten.

Opfallend wie dat guon bern it normale iten lekkerder fûnen as it iten dat spesjaal klear makke wie foar bern mei in allergy. Ien jonkje krige dochs wat binnen dêr't er net oer kin: mangels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)