Alle wegen wer tûkefrij

22 aug 2013 - 15:56
  • Oan de Bûtewei yn Oerterp is men drok dwaande mei opromjen fan de skea

Alle diken en paden yn de gemeente Hearrenfean binne wer tagonklik. Begjin dizze moanne waaiden yn de gemeente ferskate beammen om en brutsen tûken ôf. Dat wie by in falwyn, dy't op in kemping yn Lippenhuzen oan in famke fan 7 jier it libben koste.

Earder makke de gemeente al diken yn Mildaam en Ketlik frij. No is ek it Boskpaad yn Bontebok wer tagonklik. Neist Hearrenfean, waarden Opsterlân en de Stellingwerven ek troffen troch de falwyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)