Alle skoallen wer úteinset

03 sep 2012 - 11:54

As lêste fan Nederlân binne moandei de basisskoallen yn it Noarden wer begûn nei seis wike simmerfakânsje. Foar de 220 bern fan basisskoalle De Reinbôge yn Twizelerheide hat de earste wike in bysûnder karakter. Woansdei begjint it jierlikse Heidefeest en op tongersdei is der in grutte optocht fan fersierde weinen en fytsen.

Op de skoalle yn Twizelerheide sitte net allinnich bern út eigen doarp, mar ek út De Westereen yn Dantumadiel en Sweagerbosk yn Kollumerlân.

De measte bern op De Reinbôge hiene nei seis wike fakânsje wol wer nocht om nei skoalle. Op moandeitemoarn waarden in soad ferhalen ferteld oer wat de bern yn de simmerfakânsje meimakke hawwe. Op de skoalle yn Twizelerheide binne hast alle bern Frysktalich. De bern krije in pear deidielen yn 'e wike les yn it Frysk en ek op it skoalplein wurdt in soad Frysk praat. Om de ferkearsdrokte te beheinen freget de skoallieding de âlden om de bern safolle mooglik te gean of op de fyts op skoalle komme te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)