Alle PC-partueren bekend

13 jul 2003 - 00:00

Alle partueren dy't meidogge oan 'e wichtichste keatswedstriid, de PC, binne bekend. De lêste twa partueren hawwe harren no ek pleatst. Dat binne Pieter Otte Kingma, Johan Binnema en Peter de Boer en it trio Ronald de Boer, Gerrit Flisijn en Anno Wijtsma.

De lotting is op moandei 28 july yn 'e Koarnbeurs yn 'PC-city' Frjentsjer. De wedstriid sels wurdt de woansdeis dêrop, op 30 july, ferkeatst. Mei-inoar sechtjin partueren dogge deroan mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)