'Alle liuwen moatte fuort'

19 nov 2002 - 00:00

Omwenjenden fan rôfdiere-opfang Pantera yn Nijeberkeap easken moandei foar de Raad van State yn Den Haach dat alle liuwen fuort moatte. Ien fan harren hie sels in kassettebantsje mei liuwegebrul meinommen om sa de oerlêst te bewizen.

Pantera krige yn juny noch tastimming om 22 mantsjeliuwen te hâlden. Dat wie in útspraak yn in skeel tusken de gemeente Eaststellingwerf en Pantera. De omwenjenden protestearje al hast 10 jier tsjin de lûdsoerlêst fan de liuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)