Alle eksamenkandidaten Piter Jelles !mpulse Kollum slagge

11 jun 2015 - 12:01
  • Feest by PJ !mpulse yn Kollum

Piter Jelles !mpulse yn Kollum hat in 100 persint skoare op de eineksamens. Dat betsjut dat alle kandidaten yn ien kear slagge binne. It giet om mei-inoar tweintich bern, fjirtjin dêrfan diene einseksamen VMBO-T. Fiif learlingen diene eineksamen Havo en foar VWO wie der mar ien eineksamenkandidaat.

De skoalle hat fuortendaliks de bern belle. Oars hawwe skoallen altyd in pear oeren nedich om de gegevens te ferwurkjen en in plan fan oanpak te meitsjen foar de bern dy't net yn ien kear slagge binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)