Alle kaarten Slachte fuort

16 jan 2012 - 07:17

Alle kaarten foar de Slachtemaraton binne ferkocht. Moandeitemoarn om seis oere gie de ferkeap fan start. Om goed acht oere gie de lêste kaart fuort. Dat betsjut dat alle startbewizen, mei-inoar 10.000 stiks, yn goed twa oeren ferkocht wiene. De kaartferkeap gie rap fan start, yn it earste kertier gienen 6000 kaartsjes fan 'e hân.

De organisaasje koe de hannel goed oan, de site fan de Slachtemaraton hat gjin problemen hân. De kuiertocht is op 16 juny.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)