Alle fertochten frijsprutsen

04 okt 2011 - 14:29
  • Yn dizze klub kaam yn april 2010 Redmar Smedema om it libben

Alle seis fertochten yn de saak-Smedema binne tiisdei frijsprutsen troch de Ljouwerter rjochtbank. It giet om seis jonge manlju fan Damwâld, Broeksterwâld, Dokkum en Feanwâlden tusken de 19 en de 21 jier.

Redmar Smedema út Burgum kaam yn april 2010 om it libben by in fjochtpartij yn Club Q yn Quatrebras. Neffens de rjochtbank is it net goed mooglik om in fertochte te feroardieljen omdat de tsjûgeferklearrings net dúdlik en spesifyk genôch wiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)