Alle favoriten nei twadde omloop op de PC

29 jul 2015 - 13:52
  • It Sjûkelân yn Frjentsjer

Alle favoriten hawwe harren pleatst foar de twadde omloop fan de PC yn Frjentsjer. It trio fan Tjisse Steenstra nimt it dêryn op tsjin it partoer fan Hendrik Tolsma. Jan Dirk de Groot-en-dy steane tsjinoer it trio Johan van der Meulen.

Ek Gert-Anne van der Bos stiet yn de twadde omloop. Hy nimt it op tsjin it partoer fan Enno Kingma. It trio fan Bauke Triemstra pleatste him as lêste. Sy keatse tsjin Menno van Zwieten-en-dy.

It partoer fan Bauke Triesmstra wûn fan it trio Martijn Olijnsma. It wie foar Olijnsma syn lêste keatswedstriid. Hy nimt ôfskie fan de keatssport.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)