Alle diken tûk ferljochtsje

19 okt 2006 - 00:10

Oeral yn Fryslân moat tûke ferljochting komme sadat it tsjuster wurdt as der gjin ferkear is. Dat fynt de Fryske Miljeufederaasje. Dy is bot te sprekken oer de nije ferljochting oan de provinsjale dyk tusken Tytsjerk en Ljouwert.

Troch dy tûke ferljochting wurde de lampen fûler as der in soad auto's ride. Is der hast gjin ferkear, dan dimt it ljocht en skine de lampen folle minder fûl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)