'Alle boaten aanst elektrysk'

19 maaie 2012 - 11:30
  • Wubbo Ockels

Oer tsien jier binne alle boaten yn Fryslân elektrysk. Dy ferwachting spruts âld-astronaut Wubbo Ockels sneon út by de iepening fan it wettersportseizoen yn Akkrum. It tema fan dy saneamde Reuzedei is 'Nieuwe energie beweegt iedereen'. Yn Akkrum wiene sneon dêrom ûnder oaren sinneboat-races en is fierder in elektryske oplaadpeal foar auto's iepene.

Dêrmei is Akkrum it earste doarp yn Fryslân dêr't sawol elektryske auto's, fytsen as boaten terjochte kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)