Alle ark stellen by ynbraak by hofkersbedriuw Van Tuinen

20 jul 2015 - 10:07

Ynbrekkers hawwe sneintenacht de bedriuwsbussen fan hofkersbedriuw Van Tuinen yn Berltsum iepenbrutsen. Al it motorisearre ark is meinaam. It giet om ûnder oare kettingseagen, hageskjirren en gersmeaners,

Der stiene 7 bussen op it terrein. Dy binne allegear leechhelle. De ynbrekkers hawwe de achterkleppen fan de bussen mei in skroevedraaier iepenmakke. Troch de ynbraak kinne de hoveniers moandei kwalik oan it wurk. De skea wurdt rûsd op sawat 20.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)