Allan Bak Jensen ôfkard

10 jul 2003 - 00:00

Middenfjilder Allan Bak Jensen fan SC Hearrenfean is ôfkard foar it betelle fuotbal. De 25-jierrige Deen hat al in skoftlang lêst fan in rêchblessuere en kin net mear op it heechste nivo spylje.

Dat nijs kaam net as in ferrassing, om't de ôfkarringsproseduere in skoft lyn al yn gong set waard. Bak Jensen kaam yn july 2001 nei It Hearrenfean. Twa moannen letter rûn er de blessuere al op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)