Alkomobilisten oanholden

12 sep 2009 - 14:16

Der binne yn de nacht fan freed op sneon tsien minsken oanholden om't se mei drank op achter it stjoer sitten gien wiene. Fjouwer kear hiene se safolle dronken, dat it rydbewiis ynnaam waard.

Twa fan har besochten út te naaien nei't se in ûngemak feroarsake hiene. In Boalserter (42) ried troch nei't er op de A7 in ûngemak feroarsake hie. In bestjoerder (20) út Hantum rekke mei syn auto te wetter. Hy wist sels op 'e kant te kommen en naaide út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)