Alkoholslottesters yn de rige

27 feb 2008 - 22:52
  • Tachtich Friezen krije as proef in alkoholslot yn 'e auto

De provinsje Fryslân wurdt bedobbe mei oanmeldings fan minsken dy't it alkoholslot teste wolle. Mei in alkoholslot moatte jo earst blaze foardat je de auto starte kinne. Yn oardel wike tiid ha al mear as 650 minsken har oanmeld om it alkoholslot te testen, wylst der mar 80 meidwaan kinne.

Under de oanmelders sitte ek minsken dy't bekeurd binne foar riden mei drank op. De test begjint op 9 april.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)