"Alkoholslot moat út auto"

17 okt 2014 - 13:08

It advokatekantoar Anker en Anker út Ljouwert oerwaget in koart-pleit tsjin it Centraal Bureau Rijvaardigheidsbewijzen. It CBR bout foarearst gjin nije alkoholslotten mear yn auto's fan drankriders. De technyk fan it apparaat wurket net goed en rjochters hawwe hieltyd mear krityk op de maatregel.

It Ljouwerter advokatekantoar wol no dat it CBR ek alle al montearre alkoholslotten út auto's fuorthellet of tydlik útskeakelet. De Ried fan Steat docht op it stuit ûndersyk nei de slotten sels en de maatregel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)