Alkoholslot lanlik ynfierd

10 nov 2010 - 11:18

De provinsje is grutsk op de flotte lanlike ynfiering fan it alkoholslot yn auto's. Minister Schultz wol dronken autobestjoerders hurder oanpakke. Fan maaie ôf komt der in alkoholslot yn de auto as ien trappearre wurdt mei 8 of 10 glêzen bier op.

Yn Fryslân is begjin dit jier al in proef dien mei it alkoholslot. Dat it no sa fluch ynfierd wurdt, fernuveret deputearre Piet Adema. Hy hie de ynfier pas oer in jier ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)