Alkoholslot komt yn desimber

05 okt 2011 - 12:31
  • Minsken mei in alkoholslot moatte blaze foardat se de auto starte kinne

De provinsje Fryslân is posityf oer it ferplicht stellen fan it alkoholslot foar minsken dy't feroardiele binne foar it autoriden mei tefolle drank op. De provinsje Fryslân naam yn 2007 it inisjatyf foar in proef nei de helberheid fan it alkoholslot. De positive resultaten fan dizze proef ha meiholpen om minister Schultz van Haegen oer de streek te lûken.

De provinsje ûndersiket noch oft it alkoholslot ek previntyf ynset wurde kin by swiere drinkers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)