Alkoholslot foar Ljouwerter

04 feb 2012 - 13:56

In 35-jierrige Ljouwerter komt yn oanmerking foar in alkoholslot yn 'e auto. De man waard freedtejûn oanhâlden yn syn wenplak neidat er parkeard op in plak foar hendikepten. Hy wie ûnder ynfloed fan alkohol en wegere in ademtest en in bloedproef. De Ljouwerter woe ek noch ûntsnappe út in plysje-auto.

Omdat de fertochte al earder oanhâlden is foar riden ûnder ynfloed, komt er no yn it trajekt fan in alkoholslot. Dêrby moat de rider alle kearen blaze foardat de auto starte kin. By te folle alkohol wol de auto net starte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)